Twarres seit optreden ôf

29 des 2000 - 09:31

It duo Twarres hat it optreden foar tongersdeitejûn yn Delft ôfsein. Mirjam Timmer hat by in falpartij de earm en de hân kniesd. Se kin no net gitaarspylje.

Minsken dy't kaartsjes foar it konsert kocht hawwe, kinne it jild weromkrije. Itis noch ûndúdlik oft oare Twarresoptredens ek net trochgean. Johan en Mirjam spylje foar it earst wer op 6 jannewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)