Vervecken wint yn Surhústerfean

29 des 2000 - 09:08

Erwin Vervecken hat tongersdei de ynternasjonale sintrumcross fan Surhústerfean wûn. De Belch waard op 10 sekonden folge troch Gerben de Knegt út Tilburg. De Italiaan Daniele Pontoni waard tredde.

De earste Fries, Gretienus Gommers, einige op it sechsde plak. De wrâldkampioen Richard Groenendaal stapte út de koers. Groenendaal hie de lêste wedstriid te kampen mei in soad falpartijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)