Ritsma ferspilet titelkânsen

28 des 2000 - 21:11

Rintsje Ritsma kin nei syn tredde nasjonale allroundtitel fluitsje. De Lemster foel yn it Thialfstadion op de 500 meter. Tsjin Mark Tuitert glide syn linkerskonk fuort yn de lêste binnenbocht. Ids Postma wûn de 500 meter yn 36,79.

It toernoai op It Hearrenfean jildt as kwalifikaasje foar it EK yn Baselga. Ritsma moat dêr de titel ferdigenje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)