Earste toertocht giet net troch

© Omrop Fryslân
Inkelde hûnderten reedriders kamen tongersdei om 'e nocht foar de Nannewiidtocht. De earste toertocht fan it seizoen gie op it lêste momint net troch want der lei wetter op it iis. Boppedat soe de iisflier kloften riders net hâlde kinne.
Foar freed stiet it FK maraton op it program op it Nannewiid. Flak dêrfoar wurdt besjoen oft dat trochgean kin.