Offalferwurker beskuldiget OM

© Omrop Fryslân
Fallite ôffalferwurker Oldenburger yn Ljouwert hat de oanfal iepene op it Iepenbier Ministearje. Yn in advertinsje yn in Frysk provinsjaal deiblêd woene se it OM fan korrupsje beskuldigje.
De advertinsje is lykwols net pleatst, want de krante hat him wegere. Oldenburger wurdt bystien troch de advokaten Anker. Dy hiene it bedriuw ôfret de advertinsje yn 'e krante te setten.