Op nij supermerk oerfallen

28 des 2000 - 13:57
Foto: Omrop Fryslân

De plysje ûndersiket mei seis man de oerfal op in supermerk yn Snits. De C-1000 oan de Molekrite waard woansdeideitemoarn betiid oerfallen.

De winkelman en syn frou hawwe in skoftlang fêstbûn yn 'e saak sitten. De oerfaller hat in lyts jildbedrach meinaam. Fjirtjin dagen lyn waard ek al in supermerk oerfallen. Dat wie yn it doarp Nijlân by Boalsert.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)