Frou (73) thús oerfallen

28 des 2000 - 13:05

In frou út Ljouwert (73) is op 'e neimiddei fan Twadde Krystdei yn har hûs oerfallen. Der waard op it rút fan har wente oan de Insulindestrjitte kloppe. De frou die iepen, om't se tocht dat it har skoansoan wie.

De oerfaller besocht de frou de badkeamer yn te lûken. Se raasde sa lûd dat de man fan ruten spile. De frou rekke ferwûne oan hat pols.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)