Tsjerke mei digitaal oargel

27 des 2000 - 17:46

De herfoarme tsjerke fan Seisbierrum hat in nij oargel. It giet om in modern, digitaal oargel, dat 'net fan in piipoargel te ûnderskieden is'. Tongersdei kin it publyk dit sels beoardiele.

It besteande oargel wie sûnt 1995 al net mear te bespyljen. Fan 1983 ôf hat de tsjerke besocht it Hinsz-oargel, dat eartiids yn de tsjerke siet, te rekonstruearjen, mar dat slagge net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)