Brân by Ljouwerter Albert Heijn

27 des 2000 - 15:50

De Albert Heijn oan de Tynjedyk yn Ljouwert hat in grutte strop hân mei de Krystdagen. Moandeitejûn fleach in keunststof krystbeam yn 'e brân.

De sproeiynstallaasje hat de flammen dove, mar der is al in soad wetteren reekskea. In part fan de produkten is bedoarn en tiisdei troch hûndert man fuorthelle. De winkel is woansdei noch ticht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)