Iis net oeral fertroud
It taaiwaar is kommendewei, mar tiisdei wie der noch genôch gelegenheid foar echte winterwille. Benammen op polders en iisbanen wienen reedriders te finen.
De iiswegesintrale warskôget dat it net fertroud is om bûtenút it iis op te gean. Yn it suden fan de provinsje hat de snie it iis wat bedoarn.