Gretha Smit wint NK
Gretha Smit hat yn Grins it NK maraton op keunstiis wûn. Twadde waard har suster Jenita HulzeboschSmit. Sy bleau yn de einsprint krekt Linda Verdouw foar.
Foar Gretha Smit wie it al de njoggende oerwinning dit jier. Se hie in ronde foarsprong op it peloton. Ferline jier waard Smit ek al kampioen.