Oerfal op bensinestasjon
Yn Dokkum hat snein in oerfal west op in bensinestasjon oan de Dongeradyk. In 30-jierrige meiwurkster wie oan it wurk doe't in ûnbekende man binnenkaam. Hy bedrige har mei in mes en die in haal yn 'e kassa.
Oan de hân fan syn sinjalemint koe de man letter oanholden wurde by it busstasjon. Hy hie it jild noch by him. De man is fêstset.