Op'e nij famkes lestich fallen

25 des 2000 - 18:14
Foto: Omrop Fryslân

Twa famkes fan likernôch acht jier binne sneontemiddei yn Ljouwert lestich fallen troch in man. De bern hienen snobbersguod kocht by in drogisterij oan 'e Goudenregenstrjitte.

De man woe de famkes ek snobbersguod jaan. Se moasten dan by in boartersplak op him wachtsje. De famkes giene dêr net op yn en binne daliks nei hûs ta set.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)