Fryske Poppriis foar Wâldrock

25 des 2000 - 16:17

It jierlikse Wâldrockfestival yn Burgum hat sneontejûn de Fryske Poppriis 2000 wûn. De priis wurdt alle jierren útrikt troch de Stichting Friesland Pop.

Wâldrock krige de priis omdat it festival neffens de sjuery fan grutte betsjutting is foar de Fryske popmuzyk. De priis bestiet út 1500 gûne. Neist Wâldrock wienen ûnder oare ek it duo Twarres en poppoadium it Bolwurk nominearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)