Ungemakken troch snie en izel

25 des 2000 - 16:16

Yn Fryslân hawwe der sneintemoarn tolf ferkearsûngemakken plakfûn. By alle ûngemakken rekken der gjin minsken ferwûne. Opmerklik wie dat fjouwer fan de tolve ûngemakken barden op ien en deselde krusing yn Ljouwert.

It ferriedlike izelige waar spilet de hiele provinsje parten. Sa fûnen de oare ûngemakken plak yn û.o. De Jouwer, Boalsert, Drachten en Frjentsjer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)