Nije plysjepost yn Oerterp

© Omrop Fryslân
Boargemaster Cornelis fan Opsterlân hat freed in nije plysjepost yn Oerterp iepene. Nei De Gordyk en De Sweach is it de tredde plysjepost yn 'e gemeente.
De post is bemand troch ien oant twa plysjeminsken en sil in pear dagen yn 'e wike iepen wêze. Plysje Fryslân tinkt mei dizze posten tichterby de boarger te stean en sil takom jier noch in oantal posten yn de provinsje iepenje.