Heideman wint maraton
Jan Maarten Heideman hat sneon yn Veenoord de earste maraton op natueriis wûn. Hy bleau yn in massasprint Erik Hulzenbosch foar. Rob van Meggelen waard tredde.
Op de plakken 4 oant en mei 7 finishten fjouwer Friezen. Dat wiene yn folchoarder: Peter de Vries (Oranjewâld), Van der Veen (De Jouwer), Kramer (Aldskoat) en Borst (Sint Nyk).