Soad besikers foar De Kast

22 des 2000 - 16:31

De Fryske popgroep De Kast stiet op nûmer trije yn de top tsien fan bêst besochte konserten fan Organisaasjeburo Mojo Concerts. Op trije grutte optredens fan De Kast kamen 88.000 minsken ôf.

Doe Maar stiet op it earste plak mei 175.000 besikers op 22 konserten. Twadde waard Marco Borsato mei goed 100.000 minsken by 33 optredens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)