Stedhûs yn sintrum Dokkum

© Omrop Fryslân
It nije gemeentehûs fan Dongeradiel komt definityf yn 'e binnenstêd fan Dokkum. In mearderheid fan 'e ried hat dêr tongersdei mei in diskusje fan fjouwer oeren de foarkar oan jûn.
Keazen waard foar fariant K, dy't ek de foarkar fan it kolleezje hat. It giet dêrby om ferbou en nijbou fan en by it besteande stedhûs. De bou-aktiviteiten ette nei de boufak takom jier út ein.