Omrop Fryslân krijt der 7 ton by

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân krijt in ekstra bijdrage fan ƒ694.738. Dat hat de provinsje woansdei besletten. It jild is bedoeld as yndeksearring fan it âlde radio- en tillevyzjetientsje.
It âlde radiotientsje hat alve jier lang in tientsje west en is nea oanpast oan de hegere leanen en ûnkosten. Omdat it hark- en sjochjild ôfskaft is, komt de kompensaasje no fan de provinsje.