Balys fuort by Friesland Bank

© Omrop Fryslân
By alle filialen fan de Friesland Bank ferfalt de balyfunksje. Dat betsjut dat minsken allinnich noch by de automaat jild helje of stoarte kinne.
De frijkommen tiid sil it bankpersoneel besteegje oan de advisearring fan klanten. Troch de reorganisaasje ferdwine 70 fan de 450 arbeidsplakken. De balys wurde begjin 2002 ôfskaft, tagelyk mei de ynfiering fan de euro.