Nijefenne feilichste wyk

21 des 2000 - 11:51

Wenkompleks Nijefenne yn Sint Anne is it bêst befeilige fan Nederlân. Op in plysjekongres oer feilich wenjen is Nijefenne woansdei útroppen ta beste 'veilig wonen'-wyk.

It kompleks, mei eartiids in soad leechstân, is yn 1998 hielendal ferboud. Sa is it bygelyks diels oerkape en binne der maatregels naam om ynbrekkers bûten de doar te hâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)