Miljard foar oandielen NUON
De Fryske steaten jouwe grien ljocht foar de ferkeap fan de NUON-oandielen. It paad is no frij om yn 2004 de oandielen fan 'e hân te dwaan. De opbringst wurdt rûsd op mear as in miljard gûne.
Oer de bestimming fan de opbringst praat de provinsje letter. De bestegingsmooglikheden wurde meikoarten neist inoar set. Fanwege de ferkeap treedt deputearre Jansen ôf as kommissaris fan NUON.