Randstad slút sân kantoaren

20 des 2000 - 12:30
Foto: Omrop Fryslân

It útstjoerburo Randstad slút sân fêstigingen yn Fryslân. Dat makke de lieding tiisdei bekend. It giet om Kollum, Grou, De Gordyk, Wolvegea, De Lemmer, Warkum en De Jouwer. Dêrmei bliuwe noch alve kantoaren oer dêr't it personiel fan de sletten kantoaren yn ûnderbrocht wurdt.

Randstad makket mear gebrûk fan ynternet. Wurksykjenden kinne fia de kompjûter fakatueres besjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)