FNV-projekt oer wurkdrukstress

19 des 2000 - 18:35
Foto: Omrop Fryslân

It fakbûn FNV freget omtinken foar stress by hege wurkdruk en burn-out. It projekt 'Werkdruk de baas' is tiisdei op It Hearrenfean begûn. It oprjochtsjen fan in lanlike stressferiening is in belangryk ûnderdiel fan it projekt.

It fakbûn wol in spesjale ynformaasjelijn en in eigen website opsette. It docht bliken dat it ferlet om ynformaasje ûnder stresst personiel grut is.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)