Programmaried UPC stapt op
De programmaried fan UPC Fryslân stapt unanym op. De leden sizze net serieus nommen te wurden. De programmaried jout advys oer it oanbod fan tv-stjoerders op 'e kabel.
Sûnt twa jier jout de programmaried oan dat se mear te sizzen hawwe wolle. Sa kinne se as konsuminterie wurkje. Op ferskate fersiken reagearret UPC let of hielendal net.