Twarres net nei sjongfestival

19 des 2000 - 16:24

Twarres docht net mei oan de foarronde fan it Nationaal Sjongfestival. Mirjam en Johan út Wergea hawwe it op 't heden te drok, sa ha se de NOS witte litten.

In soad minsken hawwe de NOS witte litten dat se graach wolle dat Twarres Nederlân fertsjintwurdiget yn Denemarken, mar dat sit der dus net yn. Twarres is yn 1999 bekend wurden troch de publykspriis te winnen op sjongfestival Liet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)