Fan slipbaan ta edukatyf sintrum

© Omrop Fryslân
De gemeente Smellingerlân hat plannen foar de slipbaan by Drachten. Dy moat feroare wurde yn in 'edukatyf ferkearssintrum'. In kombinaasje fan earnst en koartswyl is it doel.
Njonken opliedings en trainings soe der bygelyk ek in kartbaan komme kinne. Boppedat kinne de CBR-rydseksamens dêr begjinne. Op dit stuit is Ljouwert of It Hearrenfean it startpunt.