Monuminteboek oer Fryslân

© Omrop Fryslân
Hast 400 objekten en sân gebieten binne selektearre foar it boek 'Monumenten in Nederland', diel Fryslân. Nei in ynventarisaasje fan 12 jier, koe moandei it earste boek oan deputearre Mulder oerlange wurde.
It boek jout in oersjoch fan de monuminten yn Fryslân. Fan begjin jannewaris ôf is it boek by de boekhannel te krijen. It telt 356 siden en kostet 95 gûne.