Personiel Arriva fiert aksje

19 des 2000 - 10:36

Personiel fan iepenbier-ferfierbedriuw Arriva hold moandeitemoarn in protestaksje op it provinsjehûs yn Assen.

Mei krapoan 200 bussen kamen wurknimmers dêr om te protestearjen tsjin it mooglik opsizzen fan de iepenbierferfierkontrakten troch de provinsjes Drinte en Grinslân. De aksjefierders kamen út Drinte, Grinslân, Fryslân, Oerisel en Flevolân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)