Ynfal yn fytsesaak

© Omrop Fryslân
It Fraudeteam Noard-Nederlân hat yn de mande mei de plysje in ynfal dien by in fytsewinkel yn Ljouwert. Doel wie te sjen oft dêr ek ynformaasje te finen wie oer de saak fan de 15.000 yllegale cd-branders. De haadfertochte yn dizze saak wennet op itselde adres.
Foarige wike naam de pysje mei de Fiod de partij cd-branders yn beslach. Immen fan de winkel hat de ynfal befestige.