'Gjin bedriuwsjild foar diken'

© Omrop Fryslân
It bedriuwslibben yn Noard-Nederlân fielt der neat foar om mei te beteljen oan de oanlis fan diken. Dat seit it Platform Verkeer en Vervoer yn NoardNederlân, in gearwurkingsferbân fan it bedriuwslibben.
Der wurdt faak praat oer sa'n 'privaatpublike' finansiering fan diken. It bedriuwslibben hat lykwols gjin nocht om oan diken mei te beteljen.