Utstalling wurk Cesar Domela

© Omrop Fryslân
Museum Willem van Haren op It Hearrenfean hat sneon in bysûndere útstalling iepene. It museum lit wurk sjen fan Cesar Domela, soan fan de ferneamde sosjalistyske foaroanman.
It wurk is ôfkomstich út de kolleksje fan de twa dochters fan de yn 1992 ferstoarne keunstner. Ek oare partikulieren leveren in soad skilderijen. Domela wenne yn Parijs.