Supermerk heech yn eko-ranglist
Supermerk Kooistra yn Boalsert skoart goed op in lanlike eko-ranglist. De winkel stiet fjirde op in list fan supermerken mei it grutste biologyske assortimint.
Kooistra hie by it ûndersyk 136 ekoprodukten te keap. De trochsneed winkel bea fyftich biologyske produkten oan. De ranglist is opsteld nei in inisjatyf fan Greenpeace en Milieudefensie.