Lobby foar Ljouwert giet troch

17 des 2000 - 15:22

De provinsje sil de kommende tiid noch besykje Ljouwert yn it stedelik netwurk Assen-Grins te krijen. Yn in freed troch minister Pronk presintearre nota is de stêd net yn sa'n netwurk opnommen.

Fryslân hat dêr altyd tige foar skrept, om't dat in moaie finansjele bydrage opsmyt. De provinsje wol no noch besykje de Twadde Keamer, dy't de nota noch behannelet, te oertsjûgjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)