Ferrassende winst Aris

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha sneon yn de promoasjedivyzje wûn fan MSV. Nei in spektakulêre slotfase wûnen de Ljouwerters mei 71-68 fan de heechpleatste ploech út Noordwijk. Foar de rêst like Aris noch kânsleas te ferliezen.
Aris-spiler Reinders giet nei Amearika ta. Hy kin kieze út oanbiedings fan sân ploegen. Tiisdei komt der in delegaasje út New York nei Ljouwert.