Guozzeynformaasjesintrum kin út

© Omrop Fryslân
In grut guozzeynformaasjesintrum by Eastmahorn is helber. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan de gemeente Dongeradiel. It sintrum moat op syn minst 13.000 besikers jierliks lûke.
De kosten fan de nijbou wurde rûsd op twa miljoen gûne. De eksploitaasje kostet oardel ton per jier. Der is belangstelling út Noarwegen, Denemarken en Dútslân om inselde sintrum op te setten.