Plan personiel kalkstienfabryk

© Omrop Fryslân
Foar de wurknimmers fan it kalkstienfabryk 'Bergumermeer' yn Eastermar is in prinsipe-akkoart oer in sosjaal plan. Nei in nacht ûnderhanneljen wienen fakbûnen en direksje it mei elkoar iens.
It personiel hie earder in wylde staking hâlden om't it fabryk ticht moast en der noch gjin sosjaal plan wie. Fan de 30 wurknimmers binne in soad boppe de 50 jier. Tiisdei is oerlis mei personiel.