Fúzje sosjale wurkfoarsjenningen

16 des 2000 - 17:19

De sosjale wurkfoarsjenningen Westergo yn Frjentsjer en Marrelângroep yn Snits fusearje. Dat is in beslút fan beide bestjoeren. De fúzje is nedich om fariaasje yn it wurk te hâlden.

Foar de 1250 wurknimmers fan beide foarsjenningen hat de fúzje gjin gefolgen. Undúdlik is oft it wurk foar 120 personielsleden yn de begeliedende en administrative tsjinsten bestean bliuwt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)