Advys bemiddelers oer AZC Kollum

16 des 2000 - 17:19

Foar in asylsikerssintrum mei 250 bewenners yn Kollum is foldwaande draachflak. Dat sizze de bemiddelers Te Loo en Wierstra yn har konklúzjes nei petearen mei gemeente en ferskate organisaasjes oer it konflikt yn de asylsikerskwestje.

De bemiddelers ha freed in konsept-advys útbrocht. Neffens har moat der in brede foarljochtings- en ynspraakproseduere komme oer de lokaasje fan it AZC.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)