Ryksjild foar Fryske plysje
De plysje yn Fryslân is út de reade sifers mei de bydrage fan fjouwer miljoen gûne fan it ryk. Mei it jild krijt de plysje de begrutting rûn en is it mooglik de kommende jierren jild te lienen.
Korpsbehearder Van Maaren en korpssjef Wagenaar ha lang ûnderhannele mei it ministearje fan Ynlânske Saken oer de stipe. De middelen brûkt it korps foar nije húsfesting en ekstra personiel.