Dokkum hâldt MBO-ûnderwiis

© Omrop Fryslân
De Friese Poort bout in nij skoalgebou yn Dokkum. De nijbou komt by it plak fan de hjoeddeiske lokaasje oan de Burdaarderstrjitwei. It âlde gebou wurdt sloopt en dizze grûn wurdt ferkocht oan in ûntwikkeler dy't dêr huzen bouwe wol.
Fan de sân miljoen dy't it plan kostet, levert de grûnferkeap 2 miljoen op, de gemeente stipet mei 2 ton en de skoalle draacht sels 5 miljoen by oan de nijbou.