Soad yllegaal fjoerwurk

© Omrop Fryslân
De plysje nimt dit jier folle mear yllegaal fjoerwurk yn beslach as oare jierren. De plysje hat yntusken hast 700 kilo fûn by hannelers. Ferline jier wie de totale bút yn Fryslân 1000 kilo.
Ferskate minsken binne oanholden. Ien fan de arrestanten hie it swiere guod gewoan ûnder it bêd lizzen. Yn Fryslân is de plysje yn alle distrikten aktyf om it yllegale fjoerwurk op te spoaren.