Woudagemaal wer stillein

© Omrop Fryslân
It Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal by De Lemmer wer útskeakele. It gemaal hat in pear dagen draaid fanwege it hege wetter, as gefolch fan de stoarmige wyn. De wyn is draaid en der is no minder opstowing fan it wetter.
It wetter yn de Iselmar stiet no seis sintimeter te heech, mar neffens it wetterskip is de ynset fan it Hooglandgemaal by Starum op dit stuit genôch.