Oerfal op supermerk yn Nijlân

15 des 2000 - 15:30
Foto: Omrop Fryslân

Der hat tongersdei in wapene oerfal west op in supermerk yn Nijlân by Boalsert. De dieder hat dêrby mei in pistoal op de eigner sketten. Ek hat er de winkelman mei it wapen op 'e holle slein. De man is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

De konsternaasje yn de winkel wie grut. De dieder of dieders binne, foar safier bekend, sûnder jild útnaaid.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)