Utwreiding frjemdlingeplysje

15 des 2000 - 12:21

De frjemdlingeplysje Fryslân wurdt flink útwreide. Mei yngong fan 1 april takom jier komme der sawat 20 minsken by. De útwreiding fynt plak nei oanlieding fan de nije frjemdlingewet dy't dan yngiet.

De ekstra plysje-ynset sil ûnder oare brûkt wurde om útprosedearre asylsikers it lân út te setten. Nije wike wurdt de útwreiding bepraat troch de Fryske boargemasters yn it Regionaal Kolleezje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)