Nekkramp op Burgumer skoalle

14 des 2000 - 19:19
Foto: Omrop Fryslân

Op de kristlike basisskoalle De Reinbôge yn Burgum is in gefal fan nekkramp ûntdutsen. It giet om in famke fan 5 jier út groep ien. Se wurdt sûnt freed behannele yn it AMC yn Amsterdam. Har tastân is noch krityk.

Alden en learlingen fan De Reinbôge binne moandei ynljochte. Ek de oare skoallen yn Burgum binne op 'e hichte steld.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)