Himpkwekerij yn Wolvegea oprôle

14 des 2000 - 11:06

Yn Wolvegea hat de plysje tiisdei in grutte himpkwekerij oprôle. Yn in loads stienen 1500 hennepplanten dy't yn beslach nommen binne. Nuon-meiwurkers hienen ûntdutsen dat mei de enerzjyrekken knoeid wie.

De plysje hat fjouwer manlju oanhâlden út Zeist, Driebergen en Nijkerk. By de ynfal kamen se oanriden mei in bestelbus mei dêryn 1700 himpplantsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)