Bernelokker soarget foar ûnrêst

14 des 2000 - 10:46

Yn de Ljouwerter wenwyk Westeinde is de ûnrêst tanommen nei't de bernelokker fan it wykein op 'e nij aktyf wie. Sûnt oktober falt de man bern lêstich. It wykkomitee fan de buert organisearret freed in byienkomst foar ûngerêste âlden.

De plysje brûkt surveillanten yn boarger om de 'fize man' sa't de bern him neame op te spoaren. Fiif bern fan de Albertina Agnesskoalle binne al lêstich fallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)