Nije skipper fan De Heale Moanne

14 des 2000 - 10:46

Jitze Grondsma fan Harns wurdt de nije skipper op it SKS-skûtsje De Heale Moanne fan Drachten. De 53-jierrige Grondsma nimt it helmhout oer fan Pieter Brouwer, dy't earder fan it jier bekend makke om der mei op te hâlden.

Grondsma sylde de lêste sân jier al mei as adviseur op it Drachtster skûtsje. Hy wie yn 1994 en 1995 mei De Woeste Oane kampioen yn de A-klasse fan de IFKS.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)